Subsydzjestop:20 boeren dupearre

22 aug 2006 - 11:29

Troch it ôfskaffen fan subsydzjes op duorsume enerzjy komme seker 20 Fryske boeren yn finansjeel swier waar. De boeren ha fiergeande plannen foar it opsetten fan de dongfergistings- ynstallaasjes. Omdat minister Wijn fan ekonomyske saken de subsydzjekraan no tichtdraait, binne in protte ynvestearings neat mear wurdich.

Wa't foar ferline wike freed gjin oanfraach dien hat, kin fluitsje nei de subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)