Subsydzjes kanaal yn de knipe

18 okt 2007 - 13:42
  • It Polderhoofdkanaal

It is ferfelend dat de rjochter it wurk om it Polderhoofdkanaal wer befarber te meitsjen stillein hat. Dat fynt deputearre Andriesen. It wurdt no dreech om de nedige Europeeske subsydzjes te krijen.

De Fryske Feriening foar Fjildbiology hie de rjochter frege it wurk stil te lizzen. De feriening fynt it logysk dat de rjochter dat ek dien hat, omdat de plannen foar it weriepenjen fan it kanaal min ûnderboud wêze soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)