'Subsydzjes bedriuwen ôfskaffe'

10 sep 2004 - 10:04

De subsydzjes foar it bedriuwslibben, lykas de IPR-regeling, kinne mar better stopset wurde. Dat sei Van der Velde, foarsitter fan it VNO/NCW Fryslân, tongersdei op in sympoasium yn Balk.

Subsydzje is net mear as in lytse stimulâns foar it besteande belied fan in bedriuw, neffens him. Fierders soene der te folle regels wêze, dy't it te dreech meitsje jild binnen te heljen. Van der Velde tink dat it Ryk better de belestingen nei ûnderen bringe kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)