Subsydzje-oanfraach Aanzet foar fyfde kear ôfwiisd

26 aug 2015 - 16:34

Foar de fyfde kear op rige is de subsydzje-oanfraach fan de stichting Aanzet ôfwiisd troch de gemeente Eaststellingwerf. Aanzet besiket minsken mei psychyske problemen oan in baan of oan frijwilligerswurk te helpen. Aanzet hie frege om in bedrach fan hast 20.000 euro.

Eaststellingwerf hat yn it ferline wol jild jûn oan Aanzet, mar is dêr yn 2012 al mei ophâlden. Sûnt dy tiid freget Aanzet alle jierren wer subsydzje oan.

De gemeente fynt dat der neat feroare is en hat der ek al ferskate kearen op wiisd dat it yntsjinjen fan in nije oanfraach gjin doel hat. Dochs is der hieltyd wer in nije oanfraach dien. Ek de oanfraach foar 2016 is no wer ôfwiisd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)