'Subsydzje oan VVV's ûnearlik'

28 nov 2007 - 17:50

De VVV's fan it Amelân en Lauwerslân hawwe ûnterjochte subsydzje krigen fan de provinsje. Dat seit de Ried fan Steate. It giet om stipe foar it opsetten fan in boekingssysteem op ynternet. Toeristen kinne dan thús bygelyks in hotelkeamer boeke.

It bedriuw Bookfriesland.nl hat beswier makke tsjin de subsydzje, omdat dat ûnearlike konkurrinsje wêze soe. De provinsje besjocht oft de VVV's it jild werombetelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)