Subsydzje Fryske pop faai

23 maaie 2008 - 15:03

It liket derop dat de Fryske pop takom jier gjin subsydzje krijt. Popronde Nederland en dus ek Popronde Fryslân krijt gjin jild en sil dêrom ophâlde te bestean.

Mar ek de oare popmuzyk yn Fryslân rint de subsydzje mooglik mis. De oanfraach fan it Friesch Productiehuis Popcultuur is trochferwiisd nei it fûns foar poadium keunsten. Friesland Pop fynt dat it ministearje fan OCW, dy't de subsydzjes takinne moat, âlderwetske maatstaven oanhâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)