Subsydzje Fokus stiet faai

07 jun 2011 - 12:28
  • Tiny Olijnsma en Nancy van Goor  (foto: Rob Pieters, Omrop Fryslân)

Soarchorganisaasje Fokus driget de subsydzje kwyt te reitsjen. Trettjin swier lichaamlik hendikepten yn Ljouwert, dy't troch de dei- en nachthelpferliening fan Fokus selstannich wenje kinne, moatte dan nei in fersoargingshûs. In hantekeningaksje rjochting Den Haag moat de maatregel keare. By Fokus bepaalt de kliïnt sels op oprop wannear se help nedich hawwe. As de help fia de AWBZ regele wurdt, ferfalt dy mooglikheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)