Subsydzje foar wjirmreaktor

22 jun 2006 - 08:01

De testynstallaasje foar in wjirme- reaktor yn Wolvegea krijt twa ton subsydzje fan de provinsje. Yn de reaktor brekke wjirmen it slyk ôf dat frijkomt by it suverjen fan ôffal- wetter. By de testynstallaasje yn Wolvegea is romte foar 10 wurkplakken.

It hiele projekt kostet 3,5 ton. Sa'n wjirmereaktor is handich foar wetterskippen, want it is goedkeaper en miljeufreonliker as de wize wêrop't no suvere wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)