Subsydzje foar Waadfûgels

09 nov 2012 - 14:52

Natuerferiening Waadfûgels hat goed 30.000 euro subsydzje krige fan de Provinsje Fryslân foar behâld fan de greidefûgels op de Waadeilannen. De feriening wol mei it jild de wize fan fûgeltelling ferbetterje, foarljochting jaan en ekstra frijwilligers winne. Yngripen is nedich, want der binne hieltyd minder greidefûgels yn Nederlân.

Natuerferiening Waadfûgels is in gearwurkingsferbân fan agraryske natuerferienings op Skiermûntseach, Skylge en It Amelân. De totale kosten fan it projekt binne rûchwei 70.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)