Subsydzje foar Waadeilannen

15 jun 2007 - 13:52

Ferskate projekten op de Waadeilannen krije Europeeske en provinsjale subsydzje. Foar it Kennis- en Ynformaasjesintrum op It Amelân moat in ton beskikber komme, sa is it advys fan it gebietsplatfoarm Waadeilannen oan DS. It sintrum moat de opfolger wurde fan it besikerssintrum.

30 tûzen euro is bedoeld foar it enerzjyprojekt 'Grien Ljocht', ek op It Amelân. It giet om fûgelfreonlik grien ljocht op de pier by Nes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)