Subsydzje foar soarchprojekten

17 jun 2008 - 10:47

Seis projekten op it gebiet fan soarch krije subsydzje fan de provinsje Fryslân. It giet ûnder oare om in projekt fan thússoarch Het_Friese_Land.

De organisaasje wol mei de belutsen gemeenten útfine wat nedich is om it wenjen yn de Ljouwerter wyk Bilgaard en yn de Trynwâlden te ferbetterjen. Foar dat projekt hat de provinsje twa ton oer. De oare projekten krije lytsere bedraggen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)