Subsydzje foar skjinner wetter

01 apr 2014 - 20:57
  • Jachthaven De Lemmer

De provinsje Fryslân stelt seis ton subsydzje beskikber foar de oanlis fan smoarchwetterynstallaasjes yn jachthavens. De bedoeling is dat it bûtenwetter hjirtroch skjinner bliuwt. Sûnt 2009 is it ferbean foar wettersporters om ôffalwetter te loazen. Dochs bart soks noch wol hieltyd.

Om minsken no yn 'e mjitte te kommen wurdt it ûndernimmers makliker makke om in smoarchwetterynstallaasje oan te keapjen. Undernimmers en gemeenten kinne 50 prosint subsydzje krije foar de oankeap fan in smoarchwetterstasjon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)