Subsydzje foar sinne-enerzjy

26 mrt 2009 - 20:29

De provinsje Fryslân hat 300.000 euro beskikber foar it promoaten fan it elektrysk farren. Fan 9 april ôf kinne sawol bedriuwen as partikulieren subsydzje oanfreegje. Ek is der 1,2 miljoen euro beskikber foar it pleatsen fan sinnepanielen.

De maatregels binne ûnderdiel fan de saneamde fersnellingsmaatregels fan de provinsje om de Fryske ekonomy oan 'e gong te hâlden. Foar beide regelingen jildt dat Fryske bedriuwen de ûnderdielen leverje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)