Subsydzje foar muzykprojekten

19 aug 2013 - 12:58

It projekt 'Muziek werven in de Stellingwerven' krijt in subsydzje fan 36.000 euro fan it Oranje Fûns. Mei dizze stipe kinne mear as twahûndert basisskoallebern fan groep 5 oant 8 en learlingen fan it Mattias College it kommende skoaljier yn 'e kunde komme mei it bespyljen fan in muzykynstrumint. De subsydzje-oanfraach wie in inisjatyf fan stifting Fryske Blaasakademy.

Ek in oanfraach fan Kunstencentrum Atrium en Ritmyk yn Frjentsjer waard honorearre. Harren projekt hjit 'Orkestspul'.

It giet om in gearwurking tusken de muzykskoalle, de muzykferienings en de basisskoallen yn Frjentsjerteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)