Subsydzje foar Kleurryk Fryslân

16 des 2004 - 11:14

It platfoarm Kleurryk Fryslân kin foarearst bestean bliuwe. In útstel fan de steatefraksje fan GrienLinks dêroer waard woansdei oernaam troch Deputearre Steaten. De provinsje woe ein dit jier mei de subsydzje oan de organisaasje ophâlde om't Kleurryk Fryslân makke ôfspraken net neikomme soe.

De organisaasje hat no oant 1 maart de tiid syn besteansrjocht te bewizen en in evaluaasje te meitsjen. Dêrnei be- sjocht de provinsje de subsydzje opnij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)