Subsydzje foar keunstners

03 mrt 2009 - 19:35

Skriuwers, muzikanten, akteurs en oare keunstners dy't jild nedich hawwe, kinne ek dit jier wer oanklopje by de provinsje. Dy stelt mear as 600.000 euro subsydzje beskikber foar Fryske keunstners. Se krije it jild allinnich as se produksjes meitsje dy't mei de Fryske taal en kultuer te krijen hawwe.

It makket net út wannear't keunstners de subsydzje oanfreegje. De provinsje bewarret de helte fan it budzjet foar fierderop yn dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)