Subsydzje foar fergees wifi

05 nov 2013 - 17:06
  • Ljouwert krijt hieltyd mear frije wifi

De provinsje Fryslân wol mei in subsydzjeregeling seis ton ynvestearje yn mear fergees wifi. De fergese wifi is benammen ornearre foar de iepenbiere romte op 44 toeristyske lokaasjes yn hiel Fryslân. Op dizze wize wol de provinsje de toeristen skewiele. Langwar, Heech, Appelskea, Wâldsein en Snits hawwe dizze simmer al meidien oan in proefprojekt. En yn Harns wurdt der no oan wurke.

De Steaten nimme yn desimber in beslút oer de regeling. Fan begjin takom jier ôf kinne dan oanfragen dien wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)