Subsydzje bliuwt lizzen

14 okt 2007 - 10:05

Gemeenten ha net folle belangstelling foar provinsjale subsydzje foar fearpontsjes. De kommende trije jier is hast 800.000 euro beskikber is. Gemeenten kinne de helte fan de kosten fan bygelyks it ûnderhâld oan fearpontsjes fergoede krije.

Oant no ta ha noch mar seis gemeenten reagearre. Der is noch mear as 300.000 euro oer. De provinsje stjoert de gemeenten takom jier opnij in brief, dy't op de subsydzje wiist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)