Subsydzje biogasprojekten

24 des 2010 - 12:19

Twa Fryske projekten foar biogas krije subsydzje fan it ryk en Europa om fersneld te ynvestearjen yn ûndersyk en ûntwikkeling fan har plannen. It giet om in biogasynstallaasje fan Omrin yn Aldehaske op Ecopark De Wierde en in biogaslieding fan Essent tusken Ljouwert en Dokkum.

It ryk stelt mei elkoar goed twa miljoen euro beskikber foar fiif noardlike biogasprojekten. De oare trije projekten wurde ûntwikkele yn Grinslân en Drinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)