'Stypje nije Moordvrouw'

06 mrt 2013 - 09:43

De provinsje moat jild stekke yn in nije searje Moordvrouw. Dat fynt de fraksje Friese Koers yn provinsjale steaten. De partij neamt it stopsetten fan de finansjele stipe oan de TV-searje in miste kâns. Neffens Friese Koers docht út ûndersyk troch Fryslân Marketing bliken dat in protte minsken fan de searje heard hawwe en dat Moordvrouw itselde toeristyske effekt hawwe kin as Flikken Maastricht. De fraksje wol dan ek dat Fryslân in heal miljoen ynvestearret yn de televyzjesearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)