Stype kin gjin help mear biede troch 'Sviatoslav-effekt'

25 okt 2015 - 15:54
  • Stichting Stype

Troch negative berjochten oer de Stichting Sviatoslav út Skearnegoutum komme de Fryske kollega's fan de stichting Stype yn jildpine. Beide stichtings helpe hendikepte bern yn Tadzjikistan, in earm lân yn it súdeasten fan de eardere Sovjet-Uny.

De âld-direkteur fan Sviatoslav is troch de rjochter feroardiele foar it ferlieden fan in minderjierrich famke. Sviatoslav krige hieltyd minder jild, mar de fraach om help is net minder wurden. By dy oare stichting, de stichting Stype is it jild no ek op. Sy kinne in frou net helpe oan twa proteses.

Stype is in lytsskalige helporganisaasje. Der binne mar in pear donateurs, it measte jild moat mei aksjes binnenhelle wurde. Takom moanne bygelyks is der in benefyt-itentsje by ROC De Friese Poort yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)