Stynsgea moat op de kaart

09 mrt 2004 - 00:00

Om Stynsgea op de kaart te setten wol Pleatslik Belang iepen hûs hâlde. Bedriuwen en ferienings moatte har presintearje. It iepen hûs is foar minsken fan bûten en eigen ynwenners.

De Geawei yn Stynsgea wurdt ûnderdiel fan it Abrahamsplein yn it doarp. De Geawei is de trochgeande dyk en sil op deselde wize as it plein bestrate wurde. Doel is dat auto's minder hurd ride. Betonnen bollen skiede it plein fan de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)