Styfheit mishannele

09 jul 2014 - 10:03
  • Plysje

In 40-jierrige Dokkumer is tiisdeitemiddei oppakt foar mishanneling fan syn styfheit fan 68 jier. De fertochte wie nei de wente fan it slachtoffer ta gien om't dy relaasjeproblemen hie mei de 65-jierrige mem fan de Dokkumer. Der ûntstie rûzje tusken styfsoan en styfheit. De soan hat dêrop syn styfheit mishannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)