Styfheit krijt sân jier sel

21 aug 2014 - 16:07

In man út Goor is yn heger berop feroardiele ta in finzenisstraf fan sân jier foar it ferkrêftsjen en swier meitsjen fan syn styfdochter. It famke út De Westereen krige yn 2000 op 12-jierrige leeftyd in poppe.

Earder waard de man ta fiif jier selsstraf feroardiele, mar it gerjochtshôf fûn dy straf te leech. It fynt dat de man it famke in ûnbesoarge jeugd ôfnaam hat en ferhege dêrom de straf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)