"Stuyvesant State" iepene

17 maaie 2008 - 10:57
  • De namme waard sneon ûntbleate (foto: Lenus van der Broek)

Yn Wolvegea is sneontemoarn it nije appartemintekompleks op it eardere plak fan taksybedriuw ´Troost en De Boer´ offisjeel iepene.

Dat is yn it sintrum fan it doarp. Dêrby is ek de namme "Stuyvesant State" ûntbleate. It kompleks hat mei elkoar 26 apparteminten. Yntusken is twatredde diel dêrfan ferkocht. Fierder binne der noch in pear yn opsje. Sneontemiddei is der iepen hûs yn it appartemintekompleks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)