Stuollen Cambuurstadion opknapt

10 maaie 2004 - 00:00

De stuoltsjes op de west- en noardtribune fan it Cambuurstadion wurde opknapt. De 5700 sitplakken dêr't it om giet, binne tsien jier âld. De Ljouwerter fuotbalklub krige klachten oer slitaazje fan de reade en giele stadionstuoltsjes.

De direksje fan Cambuur-Ljouwert fynt it tiid om se op 'e nij te foarsjen fan in coating. De wurksumheden binne moandei begûn en duorje mei elkoar sa'n fiif wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)