Stuntferkeap fan auto's

13 apr 2009 - 15:04

By Renaultgaraazje ABD op It Hearrenfean wie it op peaskemoandei drok fanwege in stuntferkeap. Dêr wiene auto's te keap út in fallisemint fan in Renaultdealer mei acht festigings yn Súd-Nederlân.

Mei de skerpe ferkeapprizen en de goede omset profitearret ABD fan 'e resesje yn 'e autowrâld en komt it bedriuw sels ek minder gau yn 'e problemen. Fan 'e tachtich auto's wiene der oan 'e ein fan 'e dei fyftich ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)