Stunt follybalfroulju Snits

18 mrt 2012 - 20:51

De follybalsters fan Snits ha sneintejûn de earste wedstriid yn de heale finale om it kampioenskip fan Nederlân mei 3-2 wûn. Yn Apeldoorn waard Kindercentrum Alterno, de nûmer ien yn de reguliere kompetysje, yn de beslissende fiifde set mei 16-14 oan de kant setten. De earste set gong mei 25-19 nei Alterno, dêrnei wûnen de Snitser froulju fan coach Petra Groenland mei 25-21 en 25-13 de twadde en tredde set. De fjirde gong wer mei 25-13 nei de thúsploech. Woansdeitejûn is yn de Snitser sporthal de twadde wedstriid. By winst is Snits finalist.

Yn de kompetysje hie Snits twa kear fan Alterno ferlern. Thús mei 3-0 en yn Apeldoorn mei 3-1. Sneontejûn hiene de follybalfroulju fan Snits de heale finale helle troch yn Meijel mei 3-2 te winnen fan Peelpush. Alterno kaam doe net yn aksje. De ploech hie earder al mei stêdgenoat Dynamo ôfrekkene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)