Stûkenwei Warten ticht

21 okt 2007 - 13:34

De Stûkenwei by Warten is tiisdeitejûn en woansdeitejûn ticht foar alle ferkear. Dat hat te krijen mei wurk oan de súdlike Foanejachtbrêge. Op tiisdei en woansdei is de dyk fan tsien oere jûns oant fjouwer oere nachts ticht foar alle ferkear.

Dat jildt dus ek foar fytsers. Mei buorden wurdt in omlieding oanjûn. It ferkear moat rekken hâlde mei in wat langere reistiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)