Stúdzjereis nei Marokko

30 apr 2004 - 00:00

In groep minsken dy't mei yntegraasje te krijen hat, giet sneon nei Marokko op stúdzjereis. It giet om amtners, plysjes, meiwurkers fan wôlwêzensynstellings en wethâlder Hafkamp fan Ljouwert. De reis duorret njoggen dagen. Organisator is it Ljouwerter Full Colour-projekt.

Dêr wurdt praat mei de plysje, rjochters en minskerjochtorganisaasjes. Doel is in bettere oanpak fan problemen mei Marokkanen yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)