Stúdzjefûns Tytsjerksteradiel

26 jan 2010 - 17:06

Middelbere skoalbern út kânsearme gesinnen yn Tytsjerksteradiel kinne yn oanmerking komme foar jild út in fûns as se sels har stúdzje net betelje kinne. Mei dat doel is it Rauwerda-Westra-fûns oprjochte. It jild dêrfoar is koartlyn neilitten troch Rauwerda fan Grins.

Dy woe dat de gemeente in stifting oprjochte om syn neilittenskip te behearen, sadat bern dy't goed leare kinne, mar it sels net betelje kinne, dochs trochleare kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)