Stúdzje nei wetterbehear

04 des 2002 - 00:00

Wetterskip Fryslân krijt in wichtige rol yn in stúdzje oer wetterbehear. Yn it ramt fan in ynternasjonaal projekt moat it wetterskip de risiko's fan oerstreamingen en wetteroerlêst yn kaart bringe.

De Europeeske Mienskip stipet it Fryske projekt mei 800.000 euro. Mei elkoar kostet it goed 7,5 miljoen euro. Doel is om leechlizzend lân duorsum te brûken. Dat is nedich mei it each op it omheech gean fan de seespegel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)