Stúdzje nei handicapten yn doarp

29 nov 2006 - 14:53

Plattelânsynstitút Doarpswurk wol graach witte hoe goed minsken mei in ferstanlike beheining meidogge yn de doarpsmienskip. De organisaasje ropt doarpen en doarpshûsbestjoerders op gefallen te melden dêr't soks al yn foarkomt. Ideeën binne ek wolkom.

Doarpswurk docht it ûndersyk yn de mande mei Talant. De soarchynstelling hat de lêste tweintich jier in ûntwikkeling meimakke yn de behanneling fan handicapten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)