'Stúdzje N381 net folslein'

30 des 2007 - 15:22

It ûndersyk nei de miljeu-effekten fan de nije dyk tusken Drachten en Assen is net folslein genôch. Alteast net foar it part dat troch de gemeente Eaststellingwerf rint, sa fine boargemaster en wethâlders dêr.

In grut tal gefolgen binne yn in miljeu-effektrapportaazje op in rychje set. Wethâlder Sierd van Weperen fynt dat der yn de stúdzje ek omtinken wêze moat foar de bou fan in 2x2 baansdyk en net allinnich foar in 2-baansdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)