Stúdzje Frysk werom yn Flensburg

01 des 2000 - 15:20

It is op 'e nij mooglik om Frysk as haadfak te studearjen yn it Noard-Dútse Flensburg. Dat bart op lêst fan it regear fan dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Yn 1999 waard it Frysk as haadfak fuortbesunige yn Flensburg. Nei in soad protest út Noard-Fryslân en Nederlân is dat beslút weromdraaid. Der komme ek hieltyd mear protesten tsjin it plan om de stúdzje Frysk yn Amsterdam te skrassen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)