Stúdzje Frysk Amsterdam bliuwt

23 mrt 2001 - 00:00

De haadfakstúdzje Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam bliuwt. Tidens in mienskiplike gearkomste ha studinteried en ûndernimmingsried har freed ferset tsjin it plan om de stúdzje te skrassen.

It Kolleezje fan Bestjoer hat dat plan no foarearst ynlutsen. It gefolch is dat nije studinten Frysk wer wokom binne. En dy binne der ek; de ôfrûne wiken ha 8 nije studinten Frysk har melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)