Studio Mercurius giet ticht

04 jan 2012 - 20:43

Mercurius, de lokale omrop fan Ljouwert, sit sa bot yn finansjele need dat de studio oan de Bagijnestrjitte op 15 febrewaris tichtgiet. Alle programma's dy't dêr no makke wurde komme yn prinsipe te ferfallen. Dat jildt bygelyks ek foar it wedstriidferslach fan Cambuur. It iennichste alternatyf is dat dy programma's op lokaasje of by minsken thús makke wurde.

De subsydzje fan de gemeente Ljouwert giet de kommende twa jier fan 110.000 nei 62.000 euro. Neffens it bestjoer is it gjin opsje om de direkteur te ûntslaan, omdat dat ek wer jild kostet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)