Studio Freez nei Ljouwert

08 apr 2004 - 00:00

It Fryske radiostasjon Freez FM is ferhuze fan Wergea nei Ljouwert. De stjoerder hat oan 'e Tunen in nije studio yn gebrûk nommen. Yn Wergea wie gjin goede breedbânferbining en dat wie de reden fan 'e ferhuzing.

Ut de nije studio wei kinne programma's fia ynternet ferstjoerd wurde nei de stjoermêst op 'e Avéroflat oan it Van Harinxmakanaal. Dêrwei giet it sinjaal nei de Rânestêd, dêr't Freez sûnt ferline jier ek te hearren is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)