Studintewenten net brânfeilich

22 feb 2014 - 12:50
  • Brânblusser

De gemeente Ljouwert wol yn augustus, by de start fan it nije stúdzjejier, noch mear foarjochting jaan oan studinten oer brânfeiligens fan wenromte. Dat seit wethâlder Isabelle Diks, nei oanlieding fan de konklúzjes fan in nij ûndersyk fan de ynspeksje leefomjouwing en transport.

Dêrút docht bliken dat der yn 90 persint fan de gefallen wat mankearret oan de brânfeiligens fan studintekeamers. Der binne bygelyks te min brânblussers, de reekmelders dogge it net of de flechtdoarren wurde blokkearre.

De gemeente kontrolearret sels regelmjittich, mar de wethâlder is dochs fernuvere oer de útkomsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)