Studintes rêden nei dropping

22 maaie 2014 - 10:07
  • De brânwacht hat de studintes mei in boatsje ophelle

Trije studintes fan in studinteferiening út Ljouwert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch de brânwacht rêden doe't se ferdwaald wiene yn de Ryptsjerksterpolder. De froulju diene mei oan in dropping. Se moasten fan Gytsjerk nei in kroech yn it sintrum fan Ljouwert rinne.

Doe't se dêr net oankamen en der gjin kontakt mei de froulju te krijen wie, waard de plysje ynskeakele. Mei bûslampen wisten se de oandacht te lûken, mar de plysje koe net by de studintes komme. De brânwacht hat se úteinlik mei in boatsje ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)