Studintes fan hynder ôf fallen

07 apr 2002 - 00:00

In tal Leidse studintes binne sneon earnstich ferwûne rekke by it hynsteriden op Flylân. Se diene mei oan in rit oer it eilân en waarden begelaat troch ynstrukteurs fan in maneezje.

Troch in losrinnende hûn dy't de hynders skrikke liet, sloegen de bisten op hol. Fjouwer studintes foelen fan har hynder ôf. Twa binne mei in ekstra boat nei de wâl brocht en opnommen yn it MCL.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)