Studinteprotest lienstelsel

14 nov 2014 - 07:54

Inkelde tûzenen studinten wurde freed op it Malifjild yn Den Haach ferwachte. Sy protestearje tsjin it lienstelsel foar studinten yn it heger ûnderwiis. It regear wol it lienstelsel ynfiere om sa de kosten nei ûnderen te heljen. Yn it âlde systeem krigen studinten alle moannen in jildbedrach dat net werom betelle hoegde te wurden as it it diploma helle waard.

Mei it nije systeem wurde dizze moanlikse útbetellingen in liening. Under de studinten binne ek Friezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)