Studinten yn karantêne

28 apr 2003 - 00:00

Studinten fan de Ljouwerter hegeskoallen dy't út Sina weromkomme, moatte tenei tsien dagen yn karantêne. De maatregel is yn oerlis mei de GGD nommen om fersprieding fan it SARS-firus foar te kommen.

De maatregel sil takom wike al tapast wurde. Dan komme twa studinten fan it Van Hall Instituut werom út Sina. Sy moatte as earsten yn karantêne. Kontakt mei de bûtenwrâld is dy dagen hast folslein ferbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)