'Studinten yn Blokhúspoarte'

02 apr 2003 - 00:00

Nei it Frysk museum en in Ljouwerter sauna, hat no ek de stifting Leeuwarden Studentenstad, plannen mei de Ljouwerter finzenis De Blokhúspoarte. Dêr soene wol studinten wenje kinne, sa seit de stifting.

Húsfesting soe kombinearre wurde kinne mei winkels en hoareka. Wichtichste betingst is wol dat de hjoeddeiske bewenners in oar plakje krije. Der wurdt al in skoft diskussiearre oer sluting fan de finzenis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)