Studinten wolle lúkse keamer

20 aug 2010 - 16:16

Yn Ljouwert is hieltiid mear fraach nei lúkse studintekeamers mei in eigen dûs en húske. Jongeren betelje leaver wat mear foar privacy en romte. de lúkse keamers binne dan ek samar ferhierd. Dat is de ûnderfining fan Hessel Jansen fan Kamerbemiddeling Leeuwarden.

De Fryske haadstêd streamt sa njonkenlytsen wer fol studinten. De wenningmerk foar studinten yn Ljouwert sjocht der goed út, mar sa flak foar it stúdzjejier wurdt de merk krapper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)