Studinten ûndersykje dakken

14 mrt 2014 - 06:02

Trije studinten fan it Nordwin College sille yn in wike tiid alle dakken fan de huzen yn Akkrum en Nes beoardielje op har geskiktheid foar it pleatsen fan sinnepanielen. Dat dogge se yn opdracht fan de stichting Duurzaam Akkrum Nes.

Doel is om yn kaart te bringen hoefolle sinnepanielen der al binne en benammen om te sjen wêr't noch mooglikheden lizze foar nije sinnepanielen. It giet yn totaal om 1358 wenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)