Studinten ûnderbrocht yn hotels

04 okt 2001 - 00:00

Sechtich bûtenlânske studinten dy't studearje oan de hegeskoallen yn Ljouwert, ferbliuwe yn hotels. Dat komt om't it tal oanmeldings folle heger is as ferwachte. It is yn Ljouwert dreech om in passende studintewenning te finen.

De hegeskoallen NHL en CHN binne mei de wenningbouferienings en de gemeente op syk nei wenromte. De húsfesting yn hotels soarget foar ekstra kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)