Studinten stelle ferkearsboerd

16 nov 2012 - 10:25

Trije studinten binne tongersdeitejûn yn Ljouwert bekeurd foar it stellen fan in ferkearsboerd. Oaren hiene sjoen dat se yn 'e Huzumerleane it boerd mei betonnen sokkel en al meinamen en de plysje belle. Dy trof it boerd in pear strjitte fierderop yn 'e tún fan 'e studintewente oan 'e Heringastrjitte.

De jongelju fan 17, 19 en 21 jier krigen in bekeuring foar baldadigens. Se hawwe it boerd weromset op syn plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)