Studinten smite mei blompot

13 sep 2011 - 10:10

Yn in studintehûs oan de Iewâl yn Ljouwert binne yn de nacht fan moandei op tiisdei fiif studinten oanhâlden. Se hiene in swiere blompot troch it rút fan in restaurant smiten. In tsjûge hie dat sjoen en de plysje warskôge. De studinten wiene gau in hûs yngien, mar de bewenner dêrfan liet de plysje der ek yn.

De fertochten binne tusken de 18 en de 22 jier âld. Se binne meinaam nei it plysjeburo en dêr fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)