Studinten sette bedriuwkes op

13 feb 2004 - 00:00

'Leren door te doen', dat is it doel fan de Frisian Stock Exchange, ofwol de Fryske oandielebeurs. Studinten fan de NHL sette bedriuwkes op en ferkeapje per bedriuw 250 oandielen foar 3 euro it stik. It projekt rint oant july.

Minister Zalm moast tastimming jaan foar it projekt. Der binne 8 bedriuwen ynskreaun foar de beurs. Yn 't foar moatte studinten in brosjuere skriuwe en om de 14 dagen sifers publisearje, om't de produkten echt op de merk komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)